seedyksterfeartfisk.blogspot.ch - seedyksterfeartfisk

Example domain paragraphs

Ik kaam ris yn de neibyheid fan in âld boufallich dykshûs, dat bûtendoar genôch sjen liet dat it net de went wie fan earlike krigele earmoed, mar fan in smoarge skoaiershúshâlding; de fodden en bellen op ’e line, sa giel as in term, en de fúlnisheap foar de doar, dêr’t by alles wat onhuerich wie, kofjetsjok en jiske, âlde skuon, swartbaarnde potdiggels, healferrotte stoelsmatten, lappen en flarden fan allerhande kleuren op gearbruid wienen, bewiisden my dat; want my tocht, in byinoarhâldend aard hie in hele

In bidlerswiif sjagle foar my út, mei in foege jonge by har, dy’t onferskillich en sleau, mei syn stokje hjir en dêr de koppen fan de blommen en gersraaien ôfsloech.

,,Albert!” sei syn mem tsjin him, wylst hja him op trije boerehuzen wiisde, dy’t in eintsje ’t lân yn stiene; (it foetpaad fan de dyk ôf derhinne wie njonken har). - ,,Albert! skoai do nou dy boeren gau noch ris ôf, dan sil ik wilens de kofje klear meitsje.”

Links to seedyksterfeartfisk.blogspot.ch (1)